Fûgelhelling yn Oerterp krijt 10.000ste slachtoffer binnen

22 okt 2018 - 13:54

De Fûgelhelling yn Oerterp hat no al 25 persint mear bisten as it ferline jier opfongen. It 10.000ste slachtoffer, in kweakfink, is moandei ûnderbrocht.

It fûgeltsje, dat út Noarwegen komt, is tsjin in rút oanflein.

Minsken bringe hielltyd mear bisten nei de opfang. En troch de drûchte fan de ôfrûne tiid is der minder fretten foar benammen stikelbaargen en jonge dowen.

De Fûgelhelling kin de drokte noch wol oan, mar as it sa trochgiet, dan sille se útwreidzje moatte.

Harkje nei de bydrage

(advertinsje)