Asbest: sanearje of it hûs plat?

22 okt 2018 - 13:38

It hiele hûs plat of de asbestdakken ferfange? Yn dy twastriid sitte Hiltje Terpstra en har man Adryan út Tsjummearum. Se hawwe twatûzen fjouwerkante meter asbestdak. It kostet hûnderttûzen euro om dat te ferfangen. Dêr komt noch by dat it kabinet ferline wike it beslút naam hat dat op 31 desimber 2024 alle asbestdakken, ek dat fan Hiltje en Adryan, ferfongen wêze moatte troch dakken sûnder asbest.

Kriminelen

Yn 2002 hawwe Hiltje en Adryan it karavanstallingsbedriuw oan de Kleasterwei oernaam fan Hiltje har âlden. "As wy dit wisten, hiene wy it tink ik net kocht", seit se. It asbestdak leit al sûnt ein jierren '60 op de loadsen. "It is dochs frjemd dat yn de tiid fan de bou asbestdakken ferplichte wiene en no liket it hast dat wy kriminelen binne."

Unmooglik

In part fan de loadsen is al sanearre, mar as alles dien wurde moat, is it foar it stel net te beteljen. "Safolle leveret de opslach fan karavans net op. Sûnder in goede subsydzjeregeling is dit foar ús net mooglik. Langer wachtsje is ek gjin opsje mear. Wy moatte no in kar meitsje", seit Hiltje.

As wy dit wisten, hiene wy it net kocht.

Hiltje Terpstra

Wat is asbest?

Asbest is in sammelnamme foar in tal mineralen dy't opboud binne út mikroskopyske fezels. Somtiden binne se net iens mei it bleate each te sjen. Tusken de jierren '40 en '80 waard it in soad brûkt yn gebouwen en wennings. It is sterk, isolearjend, brânkearjend en ek nochris goedkeap.

Tagelikertiid warskôget de Nederlânske arbeidsynspeksje foar de sûnensgefaren fan asbest. Dochs duorret it oant 1993 ear't de ferkeap fan asbest ferbean wurdt. Yn 2015 giet de Ryksoerheid noch in stap fierder mei it beslút dat eigeners it oant 2024 oan tiid hawwe om de dakken te ferfangen.

Foto: Omrop Fryslân

Noch 80 miljoen kante meter

De plannen foar it ferbod lizze der al in pear jier, mar ferline wike tiisdei hat de Twadde Keamer definityf ynstimd mei it wetsfoarstel fan steatssekretaris Van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Yn in artikel fan de NOS neamt se asbest de grutste bedriging foar de folkssûnens.

Neffens rûzings is der noch sa'n 80 miljoen fjouwerkante meter oan dakken mei asbest yn Nederlân. Hoefolle asbest oft der yn Fryslân is, is noch net bekend. De provinsje seit dêrop: "Der wurdt noch sjoen nei in provinsjebrede ynventarisaasje yn Fryslân. De provinsje bringt mei de Fryske gemeenten yn kaart hoefolle astbestdakken oft der binne. Op 't heden is dêr noch neat konkreets oer te sizzen."

Asbesthystearje

Hiltje kin it har net foarstelle wêrom't it kabinet mei dit totale ferbod komt. "De maatregels dy't se nimme, binne fierstente ekstreem. As ik ûnder myn asbestdakken stean, dan fielt it hielendal net as gefaar. Salang't it dak der goed by leit, en dat leit it, begryp ik net dat alles derôf moat. It is net libbensgefaarlik."

Yn in ûndersyk fan Crisislab út 2016 wurdt dit ek wol omskreaun as asbesthystearje. "Dit is de neiging van bestuurders om na een incident direct maatregelen te nemen om herhaling te voorkomen. Deze maatregelen blijken achteraf regelmatig duur en beperkt effectief te zijn." Yn it rapport stiet ek dat Nederlân it strangste asbestbelied hat fan hiel Europa.

Subsydzjepotsje is leech

In part fan dit belied is it beskikber stellen fan subsydzje. De Twadde Keamer wol dêrom in fûns foar partikulieren en bedriuwen oprjochtsje, dêr't se de sanearring fan harren dak fan betelje kinne.

Yn Fryslân wie der al in subsydzjeregeling: 'Asbest eraf, Postcoderoos erop'. Dy aksje hâldt yn dat in eigener syn dak beskikber stelt foar in lokale enerzjykoöperaasje. Troch de regeling komme allinnich eigeners fan agraryske bedriuwen yn oanmerking foar 4,50 euro de fjouwerkante meter asbest. Der wie yn totaal 150.000 euro foar dy regeling beskikber, mar dat jild is yntusken op.

Trefwurden: 
asbest dak asbestdak
(advertinsje)