Bysûndere 45e edysje fan de Strontwike set útein

22 okt 2018 - 12:49

Yn Warkum is moandei de 45e edysje fan de Strontwike úteinsetten. It is dit jier in bysûndere edysje, want sneintemiddei waard bekend makke dat de Strontwike byskreaun wurdt op de UNESCO-list fan immaterieel erfguod.

Ien fan de bekendste ûnderdielen fan de Strontwike is de Strontrace, wêrby't skippen sûnder motor út Warkum wei nei Warmond farre mei dong oan board. "It is sa geweldich dat jo de wyn brûke kinne om materiaal te ferfieren", fertelt organisator en dielnimmer Age Veldboom. "Dêrmei is it ien fan de meast enerzjysunige wize fan ferfier."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Meardere eveneminten

De Strontwike bestiet njonken de Strontrace út trije maritime eveneminten. Dat binne de fiskerijdagen, it muzykfestival Liereliet en it beurtfear tusken Warkum, Amsterdam en tal fan oare Iselmarhavens.

Bauke Deelstra sjocht by de start fan de Strontrace

Trefwurden: 
Warkum Strontwike Strontrace
(advertinsje)