Hieltyd minder Nederlanners sizze dat se religieus binne

22 okt 2018 - 12:47

In histoarysk momint: foar it earst neamt in mearderheid fan de Nederlanners him net religieus. It Centraal Bureau voor de Statistiek meldt dit moandei op basis fan de lêste sifers.

Geloof - Foto: Shutterstock.com

Under it winkeljende publyk treffe we yn Ljouwert benammen minsken dy't wol kristlik grutbrocht binne, mar by wa't it leauwen ferwettere is. "De kerk werd me te politiek, toen ben ik afgehaakt."

In oar fertelde dat se har soan ferlern hie troch in ûngelok. "Dan tink ik, as der wat is, wêrom lit dy soks dan ta?"

Doe't ik wist hoe't it mei Sinteklaas siet, leaude ik de rest ek net mear.

Ien op strjitte

In oare frou fertelde dat se, doe't se hearde hoe't it mei Sinteklaas siet, de rest ek wol betocht wêze soe.

Guon eleminten fan it kristendom bliuwe wol oerein: "De measte wearden en noarmen binne fan oarsprong kristlik. Lit ús dat mar wat fêsthâlde."

René Koster praat mei winkeljend publyk

Trefwurden: 
CBS tsjerke leauwe
(advertinsje)