Geunstige lotting foar darter Danny Noppert

22 okt 2018 - 12:09

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat in geunstige lotting foar de Players Championship Finals yn novimber. Op it telefyzjetoernoai yn it Ingelske Minehead komt de darter ein takom moanne út tsjin Rowby-John Rodriguez út Eastenryk. Dat hat de PDC, de Professional Darts Corporation, moandeitemoarn bekend makke.

Danny Noppert - Foto: www.orange-pictures.nl

Rodriquez stiet in stik leger as Noppert op de ferskate ranglisten fan it profbûn. Noppert is as tolfde pleatst foar de Finals, dat tradisjoneel as lêste grutte toernoai foar it wrâldkampioenskip yn Londen hâlden wurdt.

De Players Championship Finals wurde fan 23 oant en mei 25 novimber hâlden. It WK fan de PDC begjint dit jier op tongersdei 13 desimber.

(advertinsje)