Waadtaksy fart net fanwege min waar
Fanwege de ferwachte minne waarsomstannichheden ferfalt tiisdei in oantal ôffearten fan de Waadtaksy. It giet neffens rederij Doeksen om de taksy fan Flylân nei Harns fan 09.30 oere en de boat fan Harns nei Flylân fan 11.00 oere. Der wurdt benammen yn it Waadgebiet hurde wyn ferwachte.