Plysje siket dieders fan fernielings yn Sint-Jabik

22 okt 2018 - 11:36

Fandalen ha yn de nacht fan sneon op snein fernielings oanrjochte op de sportterreinen yn Sint-Jabik. In kontener waard yn de brân stutsen, bierfleskes waarden op it fjild smiten en de bestjoerderswein waard fernield.

Foto: ANP

De plysje siket tsjûgen fan de fernielings. Op twitter hat de plysje fan Noardwest-Fryslân in oprop dien oan minsken dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Sint-Jabik fernielings
(advertinsje)