Klachten oer it brechje by Terherne? Meld it!

Pleatslik Belang Terherne docht in oprop oan wettersporters en bewenners om steurings oan it brechje yn it skulpepaad lâns de Sâltpoel te melden oan de gemeente De Fryske Marren. Wettersporters kinne it houten brechje sels iepenje troch op in knop te drukken. Yn de praktyk docht bliken dat de brêge en de brêgeljochten faak let of hielendal net reagearje.
© Omrop Fryslân, Feike Wouda
Meastentiids wurde de steurings feroarsake om't kuierders te ticht op de brêge stean. Pleatslik Belang Terherne hat al in klacht yntsjinne, mar dy wurdt troch de gemeente De Fryske Marren as ien klacht sjoen. Om mear gewicht yn de skaal te lizzen, freget it bestjoer minsken dy't ek lêst fan steurings oan it brechje hân ha, om dit by de gemeente te melden.