Frachtwein ferliest lading op A7 by Drachten; skansearre auto's en file

22 okt 2018 - 10:46

Op de A7 by Drachten hat in frachtwein moandeitemoarn om 08:00 oere hinne wat fan syn lading ferlern ûnder it riden. It gie om grutte kuorren fol mei stiennen. Dy kamen op de dyk telâne.

By it opdraaien op de A7 wie de lading fan de frachtwein begûn te skowen. Nei ûndersyk die bliken dat de lading net foldwaande sekere wie. De sjauffeur hat in proses-ferbaal krigen.

Fiif auto's rûnen blikskea op troch de lading op de dyk, ien dêrfan hie in lekke bân. Net ien rekke ferwûne.

Foto: Srfotografie

Fan de ôfrit nei Beetstersweach stiet it ferkear fêst, omdat ien rydbaan ôfsletten is. It is noch net dúdlik wannear't de dyk wer frijjûn wurdt.

Troch it ûngelok is in flinke file rjochting Grins ûntstien.

Foto: CAMJO Media
Trefwurden: 
ûngelok A7 file stienkoer
(advertinsje)