Brommerrider rydt mei drugs op troch Prinsetún
In 21-jierrige brommerrider út Ljouwert is sneintejûn yn de Prinsetún oanhâlden. It is ferbean om dêr mei brommers te riden. Ut ûndersyk die bliken dat de jonge ûnder ynfloed wie fan de drug THC en boppedat hasj by him hie. De plysje hat syn âlden op 'e hichte brocht.