Frou rekket kaai kwyt en trapet eigen foardoar yn

22 okt 2018 - 09:41

In 25-jierrige bewenster fan in hûs oan de Curacaostrjitte yn Ljouwert is sneintemoarn betiid ferwûne rekke, nei't se it rút fan har eigen foardoar yntrape hie. De frou wie by it stappen har kaaien kwytrekke. Om dochs yn har hûs te kinnen, skopte se it rút yn mar rekke dêrby ferwûne oan in foet.

Op slot draaie fan in doar - Foto: Shutterstock.com

De frou wie neffens de plysje ûnder ynfloed fan drank en foel foar har eigen doar yn 'e sliep. De plysje waard warskôge en hat de mem fan de frou belle. Dy is mei har dochter nei de dokterswacht gong.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)