Praktyklearplak Steatsboskbehear krijt 10.000 euro

22 okt 2018 - 08:44

It Praktyklearplak fan Steatsboskbehear yn Jobbegea krijt 10.00 euro fan it Vermilion Energy Omgevingsfonds. It Praktykwurkplak hat as doel om minsken mei in grutte ôfstân ta de arbeidsmerk in oplieding te jaan yn it grien. De praktykskoalle is sûnt 2017 offisjeel praktykoplieder.

Foto: Staatsbosbeheer

Boskwachter Roel Vriesema krige de sjek freed oerlange. It jild sil brûkt wurde om nij ark oan te skaffen foar de praktykskoalle.

Trefwurden: 
Jobbegea Steatsboskbehear
(advertinsje)