Kollum: "Poppekast"

22 okt 2018 - 07:32

"No't ik myn hûs ferkeapje sil, komme der allegear saken om 'e hoeke sjen dy't ik regelje moat. It oanfreegjen fan in enerzjylabel bygelyks. Dat kin handich en rap online mei myn DigiD. Alteast, dat wurdt sein. Dus ik ynlogge en oan de slach. Mar sa handich en rap giet dat hielendal net.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Yn Nederlân ha wy de mûle fol fan enerzjysunich en sels enerzjyneutraal wenjen. It regear docht wakker har bêst om ús allegear entûsjast te krijen mei subsydzjes en regeltsjes. Mar ast sjochst hoe't it der yn de praktyk oan ta giet, dan is dat om te gûlen. It oanfreegjen fan in enerzjylabel is dêr in moai foarbyld fan. It is werklik wier in oanfluiting.

Wa't it wolris dien hat, wit hoe't it moat. Kinst online in oantal saken foar dyn hûs ynfulle. Hast bygelyks oeral dûbele glêzen? Of hast de muorren, it dak of de flier ekstra isolearre? Al dit soart enerzjysunige oanpassingen fulst yn. Mar no komt it; want hoe kinst online bewize dat it ek echt sa is? Dat kin net. Presys.

Dus wat hat de oerheid betocht; moast bewiismateriaal uploade. It maklikste is om de ferkeapbrosjuere fan de makelder dêrfoar te brûken. Ferfolgens kiest sels in saneamde 'erkende deskundige' út dy't de hiele boel tsjekt. Dat kin al foar njoggen euro. Stelt neat foar dus. En dat kloppet. It stelt ek hielendal gjin fuck foar.

Ik hie in erkend deskundige út Ljouwert útsocht. Dus ik tocht nei't ik op 'verzenden' drukt hie; no sil dy man wol kontakt mei my opnimme om mei my troch it hûs. Mar neat fan dat alles. Sa'n deskundige komt hielendal net del. It iennige dat dy bêste man docht is thús de brosjuere trochsneupe en dan op 'akkoord' klikke. Of op 'afgewezen', sa't by my barde.

Fuort nei't ik myn oanfraach ferstjoerd hie, krige ik in mailtsje wêryn't stie dat myn oanfraach ôfkard wie. Yn de brosjuere wie it boujier fan myn CV-tsjettel nei meinaam. Dus ik moast ekstra bewiismateriaal tafoege. Ik thús de trep op nei souder om in foto te meitsjen fan de tsjettel. Dêr stie dúdlik it boujier op. Foto uploade en oanfraach nûmer twa wie de doar út.

De folgjende deis hie 'k wer in mailtsje. Myn oanfraach wie op 'e nij ôfkard. Dus ik belje mei myn deskundige. "Mevrouw, u kunt net zo goed een foto hebben gemaakt van de cv-ketel van uw buren", sei er. Hy koe net sjen oft it wol de tsjettel yn myn hûs wie en dus wie de twadde oanfraach op 'e nij ôfwezen. Mar knappe kop dy't in foto meitsje kin dêr't sawol myn hûs as myn tsjettel herkenber opstiet. It ding stiet op souder, dus hoe moat ik soks oantoane? Elke souder sjocht der ommers hast gelyk út.

Hoe no fierder? Want ek al fersekere ik him der fan dat it wier myn tsjettel wie, hy woe de oanfraach net goedkeure. "Dan moatte jo sels mar efkes lânskomme", sei ik. Woe er net. Dat siet net by de kosten fan njoggen euro ynberekkene. Hoe moat it dan, frege ik. Uteinlik moast de brosjuere fan de makelder oanpast wurde mei it boujier fan de tsjettel der yn en doe wie it lang om let dan toch klear.

Wat in gedoch. Mar wat ik noch folle slimmer fyn is dat it eins in toanielstikje is. As wy hjir wier sa'n wearde hechtsje oan enerzjysunich wenjen, dan moat der dochs op syn minst ien by my thús komme om mei eigen eagen te sjen oft it wol kloppet wat ik sis. Oars is dat hiele enerzjylabel ien grutte poppekast. In poppekast wêrfan't net ien wis fan is oft it no wol of net dûbele glêzen hat."

(advertinsje)