Epke yn Doha: "Ik sjoch út nei it WK, mar ek nei it momint dat ik wer nei hûs kin"

21 okt 2018 - 22:06

Epke Zonderland makket him yn de Katareeske haadstêd Doha klear foar it wrâldkampioenskip turnjen, dat tongersdei úteinset. De Lemster wol winne, mar hat syn holle ek by syn soan Bert Eize, dy't ferline wike sneon berne waard. "Ik bin sa bliid dat de ynternetferbining yn ús hotel goed is. Sa kin ik fia Facetime alle dagen ús soan even sjen", fertelde de Fries nei de poadiumtraining yn Doha.

Foto: www.orange-pictures.nl

Zonderland is freed ôfreizge nei Katar. Dat is in dei letter as de oare Nederlânske turners. Dêr hie de Fries tastimming foar, sadat er noch in dei langer by syn frou Linda en harren soan wêze koe. "Ik kin it noch hieltyd net befetsje. Ik bin der fol fan. Fansels sjoch ik út nei it WK, mar ek it momint dat ik wer nei hûs kin."

Rare flater, mar ek cool

Ferline jier hie Zonderland yn syn rekoefening in opmerklike misser en swaaide er in rûntsje oan ien earm. Dat koste him goud, mar mei sulver koe de olympysk kampioen fan 2012 libje. "We sille it sjen dizze kear. Ik hoopje fansels op in oefening sûnder flaters. Ferline jier wie it dochs in goed WK foar my, omdat ik foar it earst yn twa jier wer topfit wie. It wie doe in rare flater, mar ek wol cool. Mar dit jier wol ik in normale oefening sjen litte."

De Nederlânske turnploech komt tongersdei op de iepeningsdei direkt yn aksje yn de kwalifikaasje.

Trefwurden: 
WK Epke Zonderland turnjen
(advertinsje)