Flyers ferlieze topper yn de beker

21 okt 2018 - 21:22

De UNIS Flyers ha de bekertopper op besite by Eaters Geleen mei 6-4 ferlern. Yn it bekertoernoai fan it iishockey sitte sân ploegen yn ien pûl en Geleen en de Flyers wienen de iennige twa teams dy't noch sûnder ferlies wiene.

Foto: UNIS Flyers

Nei seis minuten kaam Geleen op foarsprong. Lars van Sloun profitearre fan de powerplay en makke de 1-0. Nick Verschuren makke der yn de earste perioade 2-0 fan.

Yn de twadde perioade fergrutte Lukasz de foarsprong foar Geleen fierder. Healwei de twadde perioade diene de Flyers lang om let wat werom: yn powerplay skeat Adam Bezak raak.

Spektakel

It spektakel moast doe noch begjinne. De tredde perioade wie noch mar krekt úteinset of Tony Demelinne makke de oanslutingstreffer: 3-2. De gelykmakker siet der net yn, want fia Verschuren en Vadim Gyesbreghs waard it 5-2. Wol waard it wer spannend: 5-3 troch Demelinne en sels 5-4 troch Bezak.

Doe't de Flyers alles op alles setten om noch gelyk te meitsjen, profitearre Geleen fan de romte. Gyesbreghs makke de 6-4 en dat wie ek de einstân.

Kommende wedstriden

Takom sneon spylje de Flyers opnij in útwedstriid yn de beker. Dan moatte de Feansters op besite by de Amsterdam Tigers. In dei letter komme de Nijmegen Devils nei It Hearrenfean ta.

(advertinsje)