Strontwike no ek op UNESCO-list immaterieel erfguod

21 okt 2018 - 21:14

De Strontwike is sneintemiddei by de slûs yn Warkum byskreaun op de UNESCO-list immaterieel erfgoed. Leo Adriaanse, haad fan it kennissintrum Immaterieel Erfgoed Nederland, wie dêrfoar nei it Iselmarstedsje reizge. Dêr wie ek Reid de Jong, de betinker fan de Strontrace dêr't alles mei begûn.

Betinker Reid de Jong fan de Strontrace is sichtber gelokkich mei it hiele barren en omearmet Leo Andriaanse fan it Immaterieel Erfgoed - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Je komme allinnich op de list as der stipe is fan oerheden. Yn dit gefal wiene dat de gemeente Súdwest-Fryslân en de gemeente Teylingen dêr't Warmond ûnder falt. De Strontrace giet fan Warkum nei Warmond.

De Strontwike bestiet út fjouwer maritime eveneminten dy't alle fjouwer mei wyn en wetter te krijen hawwe. De Strontrace tusken Warkum en Warmond, it beurtfear tusken Warkum, Amsterdam en in tal oare Iselmarhavens, de Fiskerijdagen en it muzykfestival Liereliet. It bestjoer fan it organisearjende Zeilvaartcollege is grutsk dat sy no op de UNESCO-list stean.

Betinker Reid de Jong fan de Strontrace skriuwt de Strontwike yn it ynventaris fan it Immaterieel Erfgoed - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De Strontwike wie dit wykein net de iennige Fryske tradysje dy't byskreaun waard op de UNESCO-list immaterieel erfgoed. Sneon barde dat al mei it fierljeppen en it Sint Piterfeest yn Grou.

Ymmaterieel erfgoed hat alles te krijen mei kultuer en kin neist eveneminten ek gean om gebrûken, tradysjes of bygelyks rituelen. As je it mar mei-elkoar dogge. Doel fan de list is om dat alles troch te jaan oan in nije generaasje.

Ferslachjouwer Remco de Vries wie derby

Foarsitter Maarten Offinga fan it organisearjende Zeilvaartcollege links en betinker Reid de Jong fan de Strontrace rjochts - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)