Van Basten by Harkemase Boys: "Hy stie samar by ús yn de klaaikeamer"

"We stienen klear om it fjild op te gean en doe kaam Marco van Basten samar troch de doar: sukses jonges!" De seleksje fan Harkemase Boys krige sneon yn Amsterdam de stipe fan ien fan de bêste Nederlânske fuotballers ea. De Harkiten spilen op sportpark De Toekomst tsjin de amateurtak fan Ajax. Mar wêrom stie Van Basten dan samar yn de klaaikeamer fan Harkemase Boys? Dat wit oanfierder Henny Bouius.
Henny Bouius yn aksje tsjin Ajax © www.orange-pictures.nl
Fertel, Henny. Hy stie dêr samar?
Ja, we hiene de warming-up hân. Wedstriidklean oan, klear foar de opkomst. En doe kaam hy samar troch de doar. 'Sukses, jonges!', sei er. Yn de rêst wie er der wer, kaam er njonken my sitten om tee te drinken. En nei de tiid siet er der ek wer.
Mar wêrom dan?
Hy ken ús trainer, Tieme Klompe, goed. Doe't Van Basten trainer wie fan Hearrenfean, wie Tieme syn assistint. En ik hie al heard dat se in goede bân hiene. Dus Van Basten hie Klompe frege oft er derby wêze mocht yn de klaaikeamer.
Dat fûn jim trainer dus prima. Hoe wie dat foar jim?
Der stapt wol wat binnen fansels. Wy wisten net dat hy der wie, dus foar de spilers wie it wol in ferrassing. Wol in bytsje apart, mar 'leuk apart'. En as spilers seinen we al tsjininoar: sa'n man stjoerst ek net samar fuort.
Marco van Basten as taskôger by Ajax - Harkemase Boys © Omrop Fryslân
Hat er noch wat sein?
Foar de wedstriid hat er ús dus sukses winske en nei de wedstriid felisitearre er ús mei de oerwinning. Fierder net echt. Hy kaam dus nei de earste helte njonken my sitten, mar gewoan om mei te lústerjen nei wat Tieme sei.
No witte wy tafallich datsto foar Ajax bist. Hoe wie it foar dy om op De Toekomst te spyljen?
Ja, kloppet! Dat makke wol yndruk op my, ik hie der noch net earder west. By de opkomst draaiden se ek Ajax-muzyk, dus doe krige ik wol even pikefel. En as ik it fjild oprin, sjoch ik ek altyd even wa't der binne, ek út De Harkema wei. En dizze kear seach ik dus ek even wêr't Van Basten stie.
Mar dan hiest dus in goed wykein?
Hielendal! Mei Harkemase 2-0 wûn by Ajax en sneontejûn siet ik moai foar Hearrenfean - Ajax en dat gong foar my ek goed.