Anneke Adema folget De Haan op as PvdA-riedslid yn Ljouwert

21 okt 2018 - 19:57

Anneke Adema sil Hein de Haan opfolgje yn de PvdA-fraksje fan de Ljouwerter gemeenteried. De Haan is foardroegen as wethâlder, no't Henk Deinum der nei tsien jier mei ophâldt.

Anneke Adema - Foto: PvdA Ljouwert

De 52-jierrige Adema wennet yn Warten en is regiomanager yn de âldereinsoarch. Se wurdt op 7 novimber ynstallearre as nij riedslid.

(advertinsje)