Fryske fontein as kado foar Appingedam

21 okt 2018 - 18:42

It Frysk Genoatskip Jongfryske Mienskip hat snein in fontein kado dien oan de stêd Appingedam yn Grinslân. De fontein is in replika fan de Upstalbeam, dy't flakby it Dútske plakje Aurich stiet. It keunstwurk bliuwt sa'n trije wiken by de Nicolaïtsjerke yn Appingedam stean.

Foto: Jongfryske Mienskip

"It is in knypeach nei Kulturele Haadstêd", seit Sjoerd Groenhof fan de Jongfryske Mienskip. Twa wethâlders en in steatelid fan de provinsje Grinslân wiene by de ûntbleating oanwêzich, lykas fyftich Westfriezen út Noard-Hollân en Ostfriezen út Dútslân.

De Jongfryske Mienskip bringt elts jier in besite oan in plak bûten Fryslân. Appingedam is in stêd dy't yn 1327 Fryske stedsrjochten tawiisd krige by in gearkomste by de Dútske Upstalbeam by Aurich, yn it Dútske Ostfryslân.

De orizjinele Upstalbeam yn Aurich, Dútslân - Foto: Wikimedia Commons / Matthias Süßen
(advertinsje)