Replika fan it skip fan Willem Barentsz kin lang om let hast it wetter yn

21 okt 2018 - 17:49

Al sûnt 2010 wurdt boud oan de replika fan it skip fan Willem Barentsz, yn de Willemshaven yn Harns. It projekt, in inisjatyf fan Gerald de Weerdt fan Stichting Expeditieschip Willem Barentsz, hat mei hiel wat tûkelteammen te krijen hân. Oan it bouproses kaam sels crowdfunding foar 'knibbels' en in ferlotting fan in hûs yn Harns te pas.

Tewetterlitting

It skip hie eins al yn 2014 klear wêze moatten. Letter waarden dy plannen bysteld nei 2018. De replika hie dan by de start fan de Kulturele Haadstêd prominint Ljouwert binnenfarre moatten. Dat slagge net, mar no is it lang om let hast safier: op 27 oktober is de tewetterlitting. Prinses Margriet sil it skip dope.

Foto: Jannette van der Ploeg

Tekoart oan jild en frijwilligers

Foar de bou wie it dreech om finansiers te finen, en alle kearen waard in nij hichtepunt fierd: de kyl (july 2012), mêst (novimber 2015) en it roer (july 2018). It projekt krige fergees hout, fan ikebeammen fan in bûten yn Doetinchem, en 50.000 euro fan de gemeente foar de motor. Neist jildsoargen wienen der benammen ek tekoarten oan frijiwilligers.

Foto: Stichting Expeditieschip Willem Barentsz

Nova Zembla

It ekspedysjeskip is it skip dêr't de Skylger seefarder en ûntdekkingsreizger Willem Barentsz (1550-1597) yn 1596 de noardlike skipfeartrûte nei Ynje fear. Syn skip rûn fêst by Nova Zembla, in eilannegroep yn de Noardlike Iissee, wêrnei't de bemanning dêr oerwinterje moast. Uteinlik slagge it yn de maitiid om mei twa lytse boatsjes werom te farren nei de noardkust fan Sibearië.

Bouwe op it each

Op Nova Zembla is in diel fan de boech fan it skip fan Willem Barentsz fûn. Fan it skip binne gjin boutekeningen. Yn dy tiid waarden skippen op it each boud en dat dogge de bouwers no dus ek om it 16de-iuwske skip sa autentyk mooglik nei te bouwen. By de rekonstruksje is ek safolle mooglik gebrûk makke fan orizjinele materialen en wurkwizen.

It roer fan de Willem Barentsz hinget te plak - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Op reis

Nei de tewetterlitting fan 27 oktober kin it skip fierder ôfboud wurde, it giet dan ûnder oare om it túch en de seilen. Foar it ôfbouwen is noch in jier nedich.

Uteinlik is it doel is om mei de replika de reis fan Willem Barentsz oer te dwaan.

Yn it besikerssintrum by de replika is allerhanne ynformaasje oer de bou te finen.

Trefwurden: 
Harns Willem Barentsz replika
(advertinsje)