Nederlân pakt Europeeske kuorbaltitel op It Hearrenfean

It Nederlânske kuorbalteam hat snein op It Hearrenfean de Europeeske titel pakt. Yn de finale wie Nederlân mei 21-8 te sterk foar Dútslân, dat foar it earst yn de finale stie. De iennige Fries yn de seleksje fan Oranje, Erwin Zwart, begûn op de bank.
© www.orange-pictures.nl
Nederlân begûn as grutte favoryt oan de finale en stie nei in pear minuten op 3-0. Dochs liet Dútslân ek sjen dat se net foar neat yn de finale stiene, want Nederlân rûn net maklik fierder út. Dat kaam ûnder oare om't Dútslân sterk wie mei de rebounds: nei missers fan Nederlân, wie de bal al gau wer foar de Dútsers.
Foar it skoft hie Nederlân net it sprankeljende spul fan de ôfrûne wike en it skotpersintaazje wie ek net sa heech as gewoan. Sadwaande wie it by it skoft 8-4.
© www.orange-pictures.nl

LDODK'ers skoare trije kear

Yn de twadde helte rûn Nederlân hurd út. It stie al gau 12-5. Doe foel de Fries Erwin Zwart yn en dy liet direkt fan him sprekke mei twa treffers. Syn LDODK-ploechgenoate Marjolijn Kroon skoarde ien kear.
Bûnscoach Wim Scholtmeijer
Ik siet fol fan frustraasje.
Erwin Zwart begûn de finale as wikselspiler
Erwin Zwart begûn dus op de bank en dêr wie er beslist net bliid mei. "Ik siet fol fan frustraasje", sei er, "want ik gie derfan út dat ik yn de basis stean soe. Dat hie ek mear as terjochte west, want ik wie it hiele toernoai ien fan de betteren. Op it momint dat it moast, stie ik der."
It is foar Erwin Zwart de tredde Europeeske titel. "Ja, it is moai dat je dizze ha. It bliuwt in bytsje stekken dat ik net yn de basis stie, mar ik stypje myn team."
Nederlân hat him ek pleatst foar it wrâldkampioenskip, dat yn Súd-Afrika holden wurdt. Zwart soe dêr graach by wêze wolle. "Dat is in moai toernoai. Dêr dogge ek lannen as Taiwan en Sina mei, dus dêr wol ik my foar oplade."
Erwin Zwart oer de EK finale
Erwin Zwart direkt nei de wedstriid
Marjolijn Kroon oer har tredde EK titel
De ynternasjonale kuorbalfederaasje (IKF) hat de wedstriid útstjoerd op YouTube. Dat is hjir werom te sjen.

Portugal stunt mei brûns

Earder op de dei ferraste Portugal troch België te ferslaan yn de spannende striid om it brûns: 20-19. It wie foar it earst dat België gjin medalje pakt op in grut ynternasjonaal toernoai.
It Europeesk kampioenskip kuorbal wie dit jier foar it earst yn Fryslân. Op fjouwer plakken waarden wedstriden spile: yn Ljouwert, Drachten en op De Gordyk en It Hearrenfean.