Jonge poppe rekket yn wetter by Himpens

Op de Glinswei by Himpens is snein oan de ein fan de moarn in bernewein mei dêryn in poppe yn it wetter rekke.
© Kappers Media
Twa ambulânses, in traumahelikopter, brânwacht en plysje wienen oproppen. It berntsje wie frij gau út it wetter en is fluch nei it sikehûs brocht. De ynset fan de brânwacht en de traumahelikopter wie net nedich.
Neffens de plysje gie it om in jonge poppe en wie it by bewustwêzen.
De bernewein soe fan it talúd ôf de feart yn rôle wêze, op it momint dat de âlders wat oars diene. De wein stie net op de rem. De heit en mem wienen der gau by.
It soe yntusken wer goed gean mei de poppe.