Publykslûker Seung-Hoon Lee ferjit redens by start maratonreedrydseizoen

21 okt 2018 - 11:40

It maratonreedrydseizoen is sneontejûn begûn mei de earste wedstriid op de Jaap Eden iisbaan yn Amsterdam. Ek de Súd-Koreaan Seung-Hoon Lee wie dêr, hy rydt no yn in Nederlânsk team.

Foto: ANP

De twafâldich olympysk kampioen rydt dit seizoen mei yn it maratonpeloton. Hy sil ride foar AB Vakwerk.

Hy koe syn keunsten lykwols noch net sjen litte op it iis. Hy hie de redens thús lizze litten, op It Hearrenfean dêr't er sûnt koart wennet. Lee hie der net op rekkene dat er ride moatte soe.

(advertinsje)