Muzikaal earbetoan oan Doede Bleeker is smûke reüny

De oade oan Doede Bleeker, dy't sneontejûn hâlden is yn de Warkumer havenkom, hie foar in grut part it karakter fan in smûke reüny fan muzikanten, famylje en taskôgers.
Muzikaal earbetoan oan Doede Bleeker is smûke reüny
Mei de haven fol fiskersskipkes en it publyk dêromhinne koe elk nochris genietsje fan it wurk fan de Starumer 'misthoarn'. Bleeker wie alle jierren yn Warkum mei de Fiskerijdagen wêrby't er de út de Iselmar fongen fisken yn it iepenbier ferkocht.
It konsert mei sa'n 50 muzikanten wie in inisjatyf fan omkesizzer Bruno Rummler dy't sels ek folop meidie op it poadium.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op dat poadium stiene ek muzikanten dy't bygelyks op de earste LP's fan Doede meispilen, mar ek broer Sjoerd Bleeker wie der by. De triennen stiene him yn 'e eagen. "Ik had niet zo veel met Doede toen hij nog leefde, maar het is natuurlijk je broer en je praat wel, maar we zagen elkaar niet zo vaak. Maar het initiatief van Bruno is prachtig. Dus heb ik maar een mooi nummer uitgezocht om te zingen."
Der wie net allinnich muzyk, der waard ek in brief en in gedicht foarlêzen. It hiele barren is mei donaasjes betelle.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Remco de Vries wie by it earbetoan