Unrêstige nacht yn Ljouwerter útgeansgebiet

De plysje hat sneontenacht ferskate kearen yn aksje komme moatten yn it útgeansgebiet. Ien kear moasten se sels it flybmasker tefoarskyn helje.
© Omrop Fryslân
Krekt nei alven is in 33-jierrige Ljouwerter oanhâlden yn de Oude Doelesteeg. Hy hie him net hâlden oan it ferbod fan kollektive hoareka-ûntsizzing dat er oant 2022 hat. Hy is ynsletten.
Tsjin twaen kaam de melding fan in fjochtpartij yn de Oude Doelesteeg. In Drachtster (17 jier), in ynwenner út Delft (18 jier) en in 21-jierrige Ljouwerter binne oanhâlden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. De Drachtster flybke en doe't er der mar net mei ophâlde, hat de plysje in flybmasker oanlein. Ek krige de Drachtster in kollektive hoareka-ûntsizzing.
Tsjin trijen waard in 22-jierrige ynwenster fan Ljouwert oanhâlden foar mishanneling yn in kafee yn de Oude Doelesteeg. Se krige in lokale hoareka-ûntsizzing en is ynsletten.
Om 05.00 oere wie in ferfelende man (34 jier) út Assen op it Ruiterskwartier. Hy socht hieltyd spul mei oaren. Syn freonen ha him meinommen.
Even letter folge noch in oanhâlding fan in 20-jierrige Ljouwerter foar mishanneling yn in kafee op it Ruiterskwartier. Hy is ynsletten en ûndersyk folget.