Fytser oanriden yn Ljouwert troch Tesla

21 okt 2018 - 08:37

Yn Ljouwert, op de krusing fan de Anemoonstrjitte en de Grinzerstrjitwei is sneontejûn in fytser oanriden. It ûngelok wie tsjin healwei njoggenen.

Foto: Nick den Boer

De fytser, in âldere man, waard skept troch in Tesla. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs.

(advertinsje)