Grutte kâns om fallende stjerren te sjen kommende nacht

Kommende nacht is de kâns grut dat der fallende stjerren te sjen binne, as de loft net berûn is. Dizze dagen passearje de saneamde Orioniden de ierde en dêrtroch bestiet de kâns om fallende stjerren te sjen. De ein fan de kommende nacht is it bêste momint.
© ANP
De Orioniden binne stikjes ôffal fan de komeet Halley. Se hite Orioniden om't se fan it stjerrebyld Orion lykje te kommen.
De Orioniden binne rappe meteoaren (66 km/s, dat is mear as 200.000 km/oere!) en litte geregeld in neiljochtsjend spoar sjen.
Der binne sa'n 39 fallende stjerren yn de oere te sjen. Foar kommende nacht is wol in steuring foarsein, mei bewolking en wat storein, mar nei dy steuring, yn it noard(west)en, klearret it op. Dan soenen de fallende stjerren te sjen wêze moatte. Al kin it ljocht fan de hast folle moanne noch wol spulbrekker wêze. Mar dy giet nei 5.10 oere ûnder.
It ideale momint om de fallende stjerren te sjen is dêrom oan de ein fan de nacht. Dy kâns dêrop is it grutst op de Waadeilannen, yn grutte parten fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân.