Arjan Stroetinga twadde by iepeningswedstriid KPN Maraton Cup

20 okt 2018 - 22:46

Reedrider Arjan Stroetinga fan Wynjewâld is sneontejûn yn Amsterdam twadde wurden op de earste dei fan de KPN Maraton Cup. Stroetinga ferlear de einsprint fan de earste wedstriid fan it reedrydseizoen fan Sjoerd den Hertog.

Foto: Timsimaging

Peter Michael út Nij-Seelân einige as tredde op de Jaap Eden IIsbaan yn de Nederlânske haadstêd. Winner Den Hertog is titelferdigener op it sirkwy dat yn totaal fjirtjin maratons beslacht.

By de froulju wûn Irene Schouten mei in geweldige einsprint. Iris van der Stelt en Bianca Bakker kamen as twadde en tredde oer de finish.

Foto: Timsimaging
(advertinsje)