Sportklup Hearrenfean mei dúdlike sifers ûnderút tsjin Ajax

20 okt 2018 - 22:33

De moeting tusken Sportklup Hearrenfean en Ajax is sneontejûn yn it Abe Lenstra Stadion útrûn op in ienfâldige oerwinning foar de Amsterdammers. Hearrenfean koe net op tsjin it geweld fan de nûmer twa fan de Earedifyzje en ferlear mei mar leafst 4-0.

Foto: Orange Pictures

De wedstriid begûn beroerd foar SC Hearrenfean. Al nei trije minuten iepene Lasse Schøne foar Ajax de skoare. De middenfjilder fan de Amsterdammers skeat de bal fan sa'n tritich meter oer Hearrenfean-keeper Warner Hahn hinne. Oan de oare kant reagearre de thúsploech fia Sam Lammers, mar it skot fan de spits gie krekt neist.

Twadde goal

It inisjatyf bleau wol yn hannen fan Ajax. Dat liede hast ta de twadde goal foar de Amsterdammers. In skot fan Donny van der Beek gie sintimeters foar de goal fan Hahn del. Ek Kasper Dolberg mocht it efkes letter besykje, de ynset fan de Ajax-spits gie ek mar krekt njonken. Hearrenfean krige fia Arber Zeneli en Lammers noch twa skotkânsen, mar dêr hie André Onana gjin muoite mei.

Foar it skoft gie it dochs opnij mis foar de Feansters. In skot fan Frenkie de Jong koe yn earste ynstânsje noch keard wurde troch Hahn, mar de rebound waard binnen sketten troch Hakim Ziyech. De âld-middenfjilder fan Hearrenfean sette de rêststân op 2-0 foar Ajax.

Foto: Orange Pictures

Nei it skoft wie der hast de oanslútingstreffer foar de Feansters. In ynset fan Sam Lammers waard op it lêste momint blokkearre troch in spiler fan Ajax. De corner foar Hearrenfean smiet dêrnei neat op. Yn de 50ste minút krige Ajax in strafskop. Nei lang wachtsjen en in oertinking fan de fideoskiedsrjochter mocht Tadic de bal dochs tsjin it net sjitte: 0-3.

Drege einfaze

Inkelde minuten letter lei it fjirde doelpunt fan de Amsterdammers al yn it doel fan Hearrenfean. Dolberg skeat fan tichteby binnen. Nei it doelpunt fan de Ajacied fûn de ploech út Noard-Hollân it wol bêst. Yn de 89ste minút moast keeper Onana noch wol yn aksje komme op in ynset fan Van Bergen. Mei in úterste krêftsynspanning tikke de doelman de bal út syn doel. Oan de oare kant wie âld-Feanster Klaas-Jan Huntelaar noch ticht by in doelpunt, mar de bal kaam op 'e latte.

SC Hearrenfean - Ajax 0-4 (0-2) 3. Schöne 0-1, 42. Ziyech 0-2, 52. Tadic 0-3, 56. Dolberg 0-4.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Floranus, Høegh, Pierie, Thorsby, Lammers (84. Van Amersfoort), Rienstra, Zeneli, Bulthuis, Vlap (63. Kongolo), Kobayashi (69. Van Bergen).

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal Ajax
(advertinsje)