Basketballers Aris op it nipperke foarby Weert

De basketballers fan Aris hawwe it duel mei Weert sneontejûn op it nipperke winnend ôfsletten. De Ljouwerters wiene úteinlik mei 75-69 te sterk foar de Limboargers.
© Aris Ljouwert
Nei it earste kwart wie it duel folslein yn lykwicht: 17-17. Ek by rêst diene beide ploegen net in soad foar elkoar ûnder. By it begjin fan it lêste kwart stie Aris mei twa punten foar op Weert. Uteinlik koene de Ljouwerters yn 'e slotfaze noch wat útrinne: 75-69.

Den Bosch

Takom sneon spilet Aris in útwedstriid tsjin Den Bosch.