IepenUP Vlog: Joyce wurdt online sjantearre troch in stalker

20 okt 2018 - 20:02

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.

Joyce wurdt online sjantearre troch in stalker. Se sprekt har út troch middel fan foto's, filmkes en teksten op Instagram oer saken dy't se oan de kaak stelle wol.

De lêste moannen wurde der fake-accounts fan har oanmakke en falt de persoan dy't hjirachter sit har famylje en freonen online lestich wannear't se gjin topless foto nei him stjoert. Hy bliuwt trochgean en Joyce wit ûnderwilens net mear wat se dwaan moat.

Wa kin har helpe?

Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.

Trefwurden: 
LF2018 IepenUP vlog
(advertinsje)