Hûnderten minsken by manifestaasje Frede fan Fryslân

20 okt 2018 - 19:05

Yn Ljouwert waard sneontemiddei mei de manifestaasje Frede fan Fryslân úteinset. De inisjatyfnimmers wolle sjen litte dat de Fryske mienskip breder is as bygelyks de saneamde blokkear-Friezen en harren efterban.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dat wie ek de direkte oanlieding foar de manifestaasje. By de koepel yn de Prinsetún kamen hûnderten minsken byinoar foar taspraken en muzyk. Op de manifestaasje praten ferskate minsken oer hoe't sy tsjin de polarisaasje oansjogge. Ek waard der muzyk makke.

De opkomst wie neffens guon wol wat meager, yn fergelyk mei de opkomst by de rjochtbank foarige wike.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)