LIVEBLOG: SC Hearrenfean kin gjin fûst meitsje tsjin Ajax

20 okt 2018 - 22:00

Sportklup Hearrenfean wachtet sneontejûn in flinke opdracht thús yn it Abe Lenstra Stadion. De nûmer twa fan Nederlân, Ajax Amsterdam, komt op besite op It Hearrenfean. De earedifyzjewedstriid fan SC Hearrenfean is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân. De partij sels, mar ek de oanrin nei de wedstriid, is de hiele jûn te folgjen fia dit liveblog.

22:37
Ein fan it liveblog

Oant safier ek dit liveblog fan Omrop Fryslân fan de wedstriid Sportklup Hearrenfean tsjin Ajax. Hâld ús webside en mobile app jûn noch yn 'e gaten foar de reaksjes fan de spilers en trainer fan de Feansters. Tige tank foar it folgjen en graach oant in oare kear!

22:38
Foto: Orange Pictures
22:33
SC Hearrenfean ferliest mei 4-0 fan Ajax

Skiedsrjochter Pol van Boekel fluitet foar de lêste kear yn it Abe Lenstra Stadion. SC Hearrenfean ferliest mei 4-0 fan Ajax. Yn de earste helte skoarden Lasse Schøne en Hakim Ziyech foar de Amsterdammers. Yn de twadde helte diene Dusan Tadic, út in dubieuze strafskop, en Kasper Dolberg dat. Ajax is in maatsje te grut foar Hearrenfean.

22:31
Huntelaar rekket de latte

Klaas-Jan Huntelaar koe dêr hast ek noch in doelpunt meipikke. Syn ynset giet op 'e latte. Gjin doelpunt dus foar de âld-Hearrenfean-spits, dy't in grut applaus krige doe't er ynfoel.

22:28
De wedstriid giet út as in nachtkears

Der bart de lêste minuten neat mear. De wedstriid giet as in nachtkears út. Ajax leaut it wol en sparret him foar de Champions League-wedstriid tsjin Benfica. Hearrenfean kin net in soad oanrjochtsje foaryn. Mitchell van Bergen krige niiskrekt noch wol in skotkâns, mar dy koe op 'e nij pakt wurde troch André Onana. Noch ien minút te gean, plus blessueretiid.

22:24
Van Amersfoort mei noch efkes meidwaan

Pelle van Amersfoort krijt ek noch wat minuten fan Jan Olde Riekerink. Hy ferfangt Sam Lammers yn de einfaze. Noch in goeie fiif minuten te spyljen yn it Abe Lenstra Stadion.

22:20
Dolberg en Hoegh yn duel
Foto: Orange Pictures
22:16
Hearrenfean-publyk sjongt foar Allbäck

It fanatike Hearrenfean-publyk lit him net kenne en bliuwt sjongen. No dogge se dat foar Marcus Allbäck, de âld-spits dy't de twadde helte út Nieuw-Noord wei belibbet. De Sweed is noch altyd in held foar de Feanster fans. 'Allbäck is een super-Fries', klinkt it.

22:11
Ajax wikselet foar de lêste kear

Ek Erik ten Hag grypt yn. De Ajax-trainer hellet Frenkie de Jong, de talintfolle middenfjilder, nei de kant. Foar him mei Zakaria Labyad ynfalle. Efkes dêrfoar krijt David Neres de earste giele kaart fan de wedstriid. Hy hâldt Arber Zeneli beet en krijt dêrfoar giel fan skiedsrjochter Pol van Boekel.

22:10
Opnij in wiksel by Hearrenfean

Nei 69 minuten wikselet Jan Olde Riekerink foar de twadde kear dizze wedstriid. Mitchell van Bergen komt yn it fjild foar de tsjinfallende Yuki Kobayashi. Kin de rappe oanfaller noch wat dwaan oan de skoare?

(Advertinsje)
(Advertinsje)