Kuorballers Mid-Fryslân ferlieze fan KV de Meeuwen

De kuorballers fan Mid-Fryslân, de kombinaasjeferiening Akkrum, Grou, Reduzum en Warten, hawwe sneontemiddei harren haadklassewedstriid ferlern. Yn Putten giene de Friezen mei 22-17 ûnderút tsjin KV de Meeuwen.
© ANP
By rêst holden beide ploegen inoar noch yn lykwicht, mar nei it skoft kaam de thúsploech better út 'e klaaikeamers. Putten kaam op foarsprong en soe dy ek net mear út hannen jaan.
Takom wike sneon spilet Mid-Fryslân in thúswedstriid; KCC út Capelle komt dan op besite.

SCO ûnderút

Yn Wageningen ferlear SCO sneon mei 19-15 fan de pleatslike kuorbalferiening. Ek dêr stie it by rêst noch gelyk: 8-8.