Sneonsfuotbal: oerwinningen foar Fryske amateurploegen

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei it duel tsjin de amateurs fan Ajax yn de tredde difyzje wûn. Op sportpark De Toekomst wûn de ploech fan De Harkema ienfâldich: 0-2.
© Orange Pictures
De Harkemasters kamen nei goed in healoere op foarsprong yn Amsterdam. Jens Jurn Streutker makke de 0-1 út in foarset fan Beimers. Nei it skoft sette Robert Stelpstra Harkemase Boys op in 0-2 tuskenstân. Ajax waard net sa gefaarlik mear yn it lêste part fan de wedstriid. Foar Harkemase Boys besocht Willem Huizing it nochris mei in skot fan ôfstân, mar dat skot gie krekt oer de latte.
In gearfetting fan de wedstriid fan Harkemase Boys

ONS ferslacht ODIN '59

Foar ONS Snits wie der sneon in 2-0 oerwinning te fieren op it Sudersportpark. Tsjinstanner ODIN '59 út Heemskerk koe net genôch tsjinstân biede. De doelpunten kamen fan Curty Gonzales en Yumé Ramos, út in penalty, alle twa foar it skoft.

Winst Bûtenpost

VV Bûtenpost koe yn de haadklasse sneon ek wer ris in oerwinning byskriuwe. De ploech fan trainer René van der Weij wûn mei 2-0 fan AZSV Aalten. Doelpuntemakkers wiene Joran Olijve en Rik Weening.