Noppert ferliest yn tredde ronde yn Barnsley

20 okt 2018 - 16:23

Darter Danny Noppert is sneontemiddei yn de tredde ronde ûnderút gien op it ien-nei-lêste Players Championship fan dit jier. Yn Barnsley wie Stephen Bunting, âld-winner fan Lakeside yn 2014, mei 6-1 te sterk foar de Jouster.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Bunting wie mei goed 107 gemiddeld fierstente sterk foar Noppert, dy't allinne de fjirde leg pakte. Yn de earste twa wedstriden wûn de 27-jierrige Fries noch wol fan Maik Langendorf (6-5) en Joe Murnan (6-2).

Lêste Players Championship

Snein stiet yn Barnsley it lêste Players Championship fan it jier fan profbûn PDC op it programma. Ein novimber wurdt noch wol as ôfslúting de Player Championship Finals hâlden. Dat telefyzjetoernoai wurdt spile yn it Ingelske Minehead. Noppert hat himsels al in skoftke fan dielname oan dat toernoai fersekere.

(advertinsje)
(advertinsje)