Drachtster Hans Jager út 'e skroeven mei lotterijhûs

20 okt 2018 - 15:47

Hans Jager út Drachten, dy't freedtejûn by in ferlotting fan fuotbalferiening Eenrum yn Grinslân in fakânsjewenning wûn, is hielendal fan it sintrum. Koartlyn sei er syn dielname oan oare lotterijen noch op, om't er dochs nea wat wûn. VV Eenrum organisearre de ferlotting om jild op te heljen foar de klup.

"Ik zag de loterij op de sociale media voorbij komen en vond het een sympathiek initiatief. Sportverenigingen hebben het moeilijk en op deze manier kun je wat goeds doen," fertelt Jager yn it programma Sneon yn Fryslân. De ferlotting waard yn 'e maitiid fan dit jier oankundige. Yn totaal waarden goed achttûzen lotten ferkocht fan 98 euro it stik. Nei it ôflûken fan alle kosten bliuwt der sa'n fjouwer ton oer foar de fuotbalklup.

Hans Jager yn Sneon yn Fryslân

De fuotbalklup fan Eenrum kaam op it idee troch de ferlotting fan foarich jier by VV Ouwe Syl. Yn novimber wûn in frou út Arnhem dêr ek in wenning by in ferlotting. "Je gaat er natuurlijk toch van uit dat je niks, wint, dus het was even behoorlijk schakelen toen ik het hoorde."

Lot fergetten

By de ferlotting fan VV Ouwe Syl koenen minsken harren eigen geloksnûmer kieze, dat koe by dy fan VV Eenrum net. Jager kocht begjin oktober in lot, mar wie de hiele lotterij earlik sein fergetten. Hy wie freedtejûn noch oan it wurk by in klant, doe't er ferskate miste oproppen hie. "Op mijn voicemail hoorde ik dat ik een prijs had gewonnen, dus toen heb ik maar teruggebeld. Dat ik de hoofdprijs van VV Eenrum had gewonnen, besefte ik pas in stappen."

Foto: De Vries Media

Jager is selsstannich ûndernimmer en fertelt dat er net goed ynspile hat op syn pensjoen. De fakânsjefilla mei in wearde fan 150.000 euro is dan ek hiel wolkom. "Ik ben heel dankbaar dat ik dit huis heb mogen winnen. Ik ben van plan om het zelf te gaan gebruiken en het ook deels te verhuren. Mijn kinderen en ik komen graag op de Waddeneilanden, dus een woning bij het Lauwersmeergebied is dan heel fijn."

Sneontemiddei sil Jager de wenning mei eigen eagen besjen. De Nederlânske parse hat al oanjûn him dêr op te wachtsjen.

(advertinsje)