Auto stellen by ynbraak op De Gordyk

20 okt 2018 - 14:49

By in ynbraak yn in hûs oan de Spinnerij op De Gordyk is freedtenacht in auto meinommen. It giet om in swarte Opel Mokka, dy't de plysje letter oantrof op it Doalhof yn itselde doarp.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

De plysje siket tsjûgen dy't mear witte oer de ynbraak, dy't tusken healwei alven freedtejûn en sân oere sneontemoarn plakfûn hat, of dy't sjoen hawwe dat de auto op it Doalhof parkearre waard. By de ynbraak waarden ek horloazjes en iPads stellen.

Trefwurden: 
plysje auto stellerij De Gordyk
(advertinsje)