Hurdfytser nei sikehûs nei botsing mei auto by Ryptsjerk
Op de Westerdijk (N361) by Ryptsjerk binne sneontemiddei in auto en in hurdfytser mei elkoar yn botsing kommen.
De hurdfytser is oerbrocht nei it sikehûs. De auto rûn net folle skea op. It is net bekend wat de oarsaak fan it ûngelok wie.