Sint Piter en fierljeppen offisjeel op Inventaris Immaterieel Erfgoed

De Fryske tradysjes fan it Grouster Sint Piterfeest en it fierljeppen binne sneon offisjeel byskreaun yn de Inventaris Immaterieel Erfgoed.
Sint Piter © Omrop Fryslan
Yn dy ynventaris stean sosjale gewoanten, tradysjes, rituelen, foarstellingen, útdrukkingen, bysûndere kennis fan de natuer en ambachtlike feardichheden dy't mienskippen en groepen erkenne as foarm fan kultureel erfgoed.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie oanwêzich by de byskriuwing, dy't plakfûn yn Noardburgum.
Ek de Strontwike sil taheakke wurde oan de Inventaris Immaterieel Erfgoed. Dat bart snein.
Thewis Hobma pakt oerwinning by it Keningsljeppen © Martin de Jong