Boeren moatte CO2 opslaan fia 'Eastenrykske metoade'

Boeren yn Fryslân kinne in grutte rol spylje by de opslach fan CO2 troch harren grûn grien te hâlden, minder te ploegjen, boaiemferbetteringsprodukten te brûken en minder keunstdong te struien. In grut tal Eastenrykske kollega's is hjir al sa'n tsien jier mei dwaande en mei sukses. Dat seit Cees Meijles fan de provinsje Fryslân.
© Omrop Fryslân
Meijles giet mids novimber mei in ploech fan sa'n 15 minsken út de lânbousektor en de polityk nei Eastenryk om te besjen hoe't it dêr wurket. Kearn fan de metoade is dat bedriuwen harren útstjit fan CO2 kompensearje kinne mei sertifikaten fan boeren dy't op harren lân ekstra CO2 opnimme.
De boeren krije hjir 45 euro de ton fêstleine CO2 foar útbetelle. Foar de boer is dat net allinnich in moaie byfertsjinste. Ek de kwaliteit fan de grûn giet der troch omheech.
© Omrop Fryslân
Neffens Meijles is it potinsjeel fan dizze metoade tige grut. As bygelyks alle bouboeren yn Fryslân deroan meidogge, soe de Fryske lânbou dêrmei yn ien klap foldwaan oan de bydrage dy't de nasjonale oerheid stelt oan de sektor yn it klimaatakkoart dat der oan sit te kommen.
En mei 15 persint minder keunstdong wurdt likefolle enerzjy besparre as dat der opwekt wurdt mei it nije wynmûnepark yn de Iselmar.