Wat is it effekt fan ûnderwetterlûd op it libben yn see?

20 okt 2018 - 12:11

Nederlân sil mei oare lannen om de Noardsee hinne ûndersyk dwaan nei de effekten fan ûnderwetterlûd op it libben yn de see.

Foto: ANP

Seedieren, lykas seehûnen, dolfinen en brúnfisken, binne foar har fretten en foar kommunikaasje ôfhinklik fan lûd. It lûd dat de minske feroarsaket, kin seedieren neidielich beynfloedzje.

Rijkswaterstaat hat oan de westkant fan Texel it earste Nederlânske mjitstasjon te wetter litten. It mjitstasjon bestiet út in mjitboei mei dêroan in ûnderwettermikrofoan en opname-apparatuer.

De mjittingen binne neffens Rijkswaterstaat in earste stap om de omfang fan de effekten op seedieren en de rol fan ûnderwetterlûd yn it gehiel fan alle miljeueffekten op de Noardsee te bepalen.

Trefwurden: 
Noardsee ûndersyk lûd
(advertinsje)