Nederlânske follybalsters ferlieze wedstriid om brûns op WK

De Nederlânske follybalsters ha de lêste wedstriid op it WK yn Japan ferlern. Yn de wedstriid om it brûns ferlearen de froulju fan Sina mei 3-0.
© ANP
De setstannen wienen as folget: 22-25, 19-25 en 14-25.
Oranje gie yn de earste set lang lykop mei de regearjend olympysk kampioen, mar moast op it beslissende momint trije Sineeske punten op rige tastean.
Yn de twadde set koe Oranje net in momint oanspraak meitsje op setwinst. Sina servearre en blockte better en makke minder flaters.
Dêrnei like it oft de Nederlânske froulju net mear koenen. De Sinezen namen in flinke foarsprong fan njoggen punten en joegen de foarsprong net mear út hannen.
De Oranjeploech rûn sa it brûns mis, mar it fjirde plak is likegoed noch it heechste dat se oait helle ha. Yn 1998 einigen se as sande.
Yn de pûl hie Nederlân noch mei 3-0 wûn fan Servië, de regearjend Europeesk kampioen. De froulju fan trainer Jamie Morrison skreaunen histoarje troch de heale finale te berikken op in WK.
De striid om it goud en sulver giet tusken Servië en Italië.