Aksjefierders op wenweinkamp begjinne online petysje

20 okt 2018 - 11:24

It âlde wenweinkamp fan Drachtsterkompenije foldocht de minsken dy't dat kamp sûnt 9 oktober besette sa goed dat se der graach permanint bliuwe wolle. De wenweinbewenners binne dêrom in online petysje begûn.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Dy stiet noch mar krekt online, mar is al hûnderten kearen ûndertekene. De fjouwer aksjefierders op it kamp binne mei dy aksje begûn, omdat yn Drachten driuwend ferlet is fan nije steanplakken. Yn Drachtster wenwiken binne dy dreech te finen, ek fanwege ferset fan de boargerbefolking.

Troch it âlde kamp oan de Kromme Wyk wer geskikt te meitsjen kin de gemeente Smellingerlân it probleem yn ien kear oplosse, seit wurdfierder Antonio Corpier.

Krityk yn de Twadde Keamer

Yn de Twadde Keamer krigen de wenweinbewenners tongersdei fan guon partijen it ferwyt dat se dwaande binne mei 'kreakaksjes' of sels mei 'landjepik'. Antonio Corpier fersmyt dy krityk. "Er zijn al heel lang geen staanplaatsen bijgekomen in Smallingerland, terwijl het aantal huizen enorm is gegroeid. Onze actie hier wordt door de gemeente gedoogd."

De aksjefierders krije neffens eigen sizzen benammen positive reaksjes op harren aksje, ek út it doarp Drachtsterkompenije. It is de aksjefierders derom te dwaan om foldwaande stânplakken te krijen foar de jongere generaasje, dy't no faak jierren op in wachtlist stiet.

Wurdfierder Antonio Corpier fan de wenweinbewenners

De aksjefierders fan it wenweinkamp hawwe nije wike tiisdei wer oerlis mei de gemeente Smellingerlân. De wenweinbewenners fiele harren stipe troch minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken.

Dy hat tongersdei yn de Twadde Keamer sein dat de gemeenten opsjitte moatte mei it realisearjen fan nije steanplakken. Wenweinbewenners hawwe yn prinsipe likefolle rjocht op in steanplak as oare minsken op in hûs, heakke se der oan ta.

Blommen en bonbons

It levere de minister fan Ynlânske Saken bosken blommen en bonbons op fan blide wenweinbewenners op de publike tribune. De minister heakke der wol oan ta dat har oprop oan de gemeentes gjin frijbrief betsjut foar de bewenners om sels mar in plak te besetten as it harren te lang duorret.

Der binne altyd twa aksjefierders oanwêzich op it âlde wenweinkamp - Foto: Omrop Fryslân

Goed oerlis

Yntze de Vries fan de ELP yn de ried fan Smellingerlân fielt wol wat foar de suggestje fan de wenweinbewenners om ek mooglike lokaasjes yn it bûtengebiet te ûndersykjen, as dat mar bart yn goed oerlis mei de omwenners.

"Fan my hoege net alle stânplakken yn Drachten te kommen. Ik kin my goed foarstelle dat de wenweinbewenners wolle dat der wat bart, want se wachtsje al hiel lang."

De ELP fielt lykwols net foar it ynrjochtsjen fan in 'grutskalich kamp' lykas it kamp oan de Kromme Wyk dat 25 jier lyn wie.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)