Famke besiket mei falske papieren kafee yn te kommen
In 17-jierrich famke út Ljouwert hat freedtenacht proses-ferbaal krigen, om't se besocht in kafee yn te kommen mei in oar syn identiteitspapieren.
De portier op it Ruterskertier hie it yn 'e gaten en hat it famke oan de plysje oerdroegen. Dy hawwe proses-ferbaal opmakke foar identiteitsfraude.