Plysje warskôget: dieven binne sljocht op bûtenboardmotoaren

De plysje fan Snits en omkriten warskôget minsken tsjin dieven dy't yn dizze tiid út binne op bûtenboardmotoaren. Der komme de lêste wiken in soad oanjeften binnen.
© ANP
Dat hat neffens plysjewurdfierder Anne van der Meer in soad te krijen mei de tiid fan it jier. It is no in stik minder drok op it wetter en yn de jachthavens. Dêrtroch is de kâns lytser dat je betrape wurde.
Dochs binne der troch it moaie waar wol wer minsken dy't der dochs noch ien kear op út wolle of it spul klear meitsje foar de winter. Op dat momint sjogge se dan faak dat de motor der net mear achter hinget.

Slotten

Van der Meer advisearret minsken om as it kin de bûtenboardmotor achter de boat fuort te heljen. Kin dat net, dan binne goede slotten, registraasje of bygelyks in GPS-tracker in goed alternatyf.