Kollum: "De Dag des Heeren(veen)"

20 okt 2018 - 08:20

"Ik begjin dizze kollum mei twa fragen. Hoefolle Friezen ha der neffens jim yn it Nederlânsk alvetal spile? En de twadde fraach: Wa wie de lêste Fries dy't oproppen waard foar Oranje?

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Ik moast der dizze wike oan tinke doe't it berjocht nei bûten kaam dat Germ Hofma ferstoarn is. Hy wie ien fan de Friezen dy't yn it nasjonale team útkaam. Dat wie yn de tiid dat Kees Rijvers ek ynternasjonal wie, krekt as Abe Lenstra en André Roosenburg. Dan ha we samar trije Friezen. Hofma, Lenstra en Roosenburg spilen op 17 maaie 1950 tagelyk yn de foarste liny fan Nederlân.

Trije Friezen tagelyk yn Oranje, dat sil grif net faak wer foarkomme. Germ Hofma spile linksbûten, Abe wie fansels linksbinnen, in posysje dy't hy graach beklaaide, mar net faak krige fan de keuzehearen fan de KNVB.

Germ Hofma hie trouwens Fryske âlden, mar is berne yn Sittard. Hy foarme tegearre mei Lenstra in geweldige linkerkant by it Hearrenfean. Fan 1945 oat 1955. Tusken 1946 en 1951 waarden se mei harren maten oan ien tried wei troch noardlik kampioen.

Alles goed en wol, mar fansels is Hearrenfean út dy tiid mar om ien wedstriid echt yn de skiednisboeken kaam. Dy iene wedstriid fan 7 maaie 1950. Doe't se yn it skoft mei fjouwer goals ferskil harren bakje tee opdronken en alles op in ferlies like. Mar trije kertier letter hienen se fiif goals makke en stapten mei 6-5 as winner fan it fjild.

Myn heit hat it wolris oer dy tiid hân, hy kaam út in hûshâlding dêr't it net gewoan wie om op snein nei it fuotbalfjild te gean. Snein wie de Dag des Heeren. Heit sei dat er him dêr meastentiids wol aardich oan holden hat.

Mar, heakke er der oan ta, it skeelde faak mar fjouwer letters. Hy pykte op sneintemiddei geregeld út Sint Jânsgea wei, fytste oer de Rottumerdyk en makke der de Dag des Heerenveen fan. Frijwat in ferskil, dy fjouwer letters.

Germ Hofma makke yn dy ferneamde wedstriid út 1950 de 5-5. Ik wie der doe noch net, mar wat hie ik dêr graach by wêze wollen. It moat krekt sa'n sfear west ha as dy kear dat PSV yn de beker ferslein waard, stel ik my foar. Doe trille it âlde stadion der oer.

It is hjoed sneon, de dei dat Sportklup Hearrenfean it jûn wer opnimme sil tsjin Ajax. En krekt as alle kearen hjirfoar binne de Feensters (net de Feansters!) yn de eagen fan de measte kenners folslein kânsleas.

Meastal krije dy kenners gelyk, soms ek net. De 6-5 út 1950 stiet net mear op himsels. De Amsterdammers ha faker ferlern fan de Fryske ploech. Net faak, mar it kin. We sille it hjoed mar ôfwachtsje.

Ha jim de kwis oan it begjin fan de kollum al oplost? Neffens de gelearden ha der tsien Friezen yn it Nederlânsk alvetal spile. De lêste kaam út de Stellingwerven. Hy hat nea betelle fuotbal yn Fryslân spile. Wol by Go Ahead, PSV, Liverpool, AZ en Villarreal. Net in raar rychje, of wol. Syn foarnamme is Jan, jim meie de kop noch even brekke oer syn achternamme.

Jûn sil Germ Hofma betocht wurde. Hooplik krije we as earbetoan krekt sa'n moaie wedstriid as yn 1950."

(advertinsje)