Omrop TIP: Sykje sûnder ein

Yn trije dielen fertelt de Fryslân DOK dokumintêre 'Sykje sûnder ein' it ferhaal fan keunstner M.C. Escher. Persoanlike dokuminten, lykas brieven en deiboeken, jouwe in byld fan wa't hy wie, wat hy tocht, fielde en wêr't hy nei op syk wie.
M.C. Escher © Omrop Fryslân

Film troch de eagen fan Escher sels

"Ik bin bang dat der mar ien persoan yn 'e wrâld is dy't in film meitsje kin oer myn printen: iksels", sa skreau de yn Ljouwert berne keunstner M.C. Escher ea. Filmmakker Robin Lutz naam dy opmerking as útgongspunt foar syn dokumintêre oer it libben en wurk fan de wrâldferneamde grafikus.

Wegere himsels keunstener te neamen

Hy lit Escher oan de hân fan brieven, deiboeknotysjes en oare teksten sels it ferhaal fertelle. Oanfolle mei trijediminsjonale animaasjes, unike argyfbylden fan de keunstner sels, foto's en de ferhalen fan syn bern en bewûnderder Graham Nash, jout dat in hiel nij byld fan de man dy't in libben lang sykjende bleau en wegere om himsels keunstner te neamen.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Sykje sûnder ein' is de kommende sneinen, fan 21 oktober ôf, yn trije dielen te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. It programma wurdt fan 17.00 oere ôf alle oeren útstjoerd.