OERSJOCH: De jierrenlange stadionsoap fan SC Cambuur

'Ut het noait wat weest en ut sal noait wat wurde. Ast in Liwwadden geboaren bist, kanst ut wel skudde', sjongt Piter Wilkens. Nettsjinsteande de wurden fan de Fryske trûbadoer, hoopje de supporters fan SC Cambuur dochs dat de Ljouwerter klup yn de takomst yn in nij stadion komt te spyljen.
It geduld fan de oanhang fan de Ljouwerter earstedifyzjonist is de lêste jierren bot op 'e proef steld. Al yn 2002 hie de gemeente Ljouwert plannen it stadion fan SC Cambuur te ferhúzjen nei in oar plak yn de stêd, mar anno 2018 spilet de klup syn wedstriden noch altyd oan it Cambuurplein.
Freed sei Friese Poort, in belangrike partij om de finansiering rûn te krijen, út de ûntwikkeling fan de plannen te stappen. Dêrmei wurdt in nij haadstik oan de jierrenlange soap tafoege. In oersjoch:

20 maart 2002

De gemeente Ljouwert beslút dat der in nij Cambuurstadion by de Werpsterhoeke komme moat. Dêr moat it bedriuwslibben op ôfkomme, lykas by de Amsterdam Arena. Earst moat lykwols it businesspark oan de westkant fan de stêd fol wêze.

1 desimber 2007

Mooglik dochs in oar plak foar it nije Cambuurstadion. Wim Sleijfer fan de Vastgoed B.V. fan Cambuur seit dat it stadion ferhuzet nij in lokaasje by de nijbouwyk de Súdlannen by Ljouwert. De gemeente Ljouwert makke bekend dat it eardere plan fan projektûntwikkeler Accolade nei it jiskefet kin.

1 jannewaris 2008

It nije Cambuurstadion komt ék net yn de Súdlannen, seit foarsitter Sleijfer fan de Ried fan Kommissarissen fan Cambuur. In stadion dêr soe te fier fuort wêze foar Ljouwerters dy't op de fyts nei de wedstriden wolle. Hy sjocht leaver nijbou efter it WTC yn Ljouwert. In oare opsje is it opknappen fan it hjoeddeistige stadion.

18 septimber 2009

De lokaasje efter it WTC Expo komt yn byld as plak foar it nije stadion. SC Cambuur en de gemeente Ljouwert wurkje oan de plannen foar in stadion op dy lokaasje. Dêrby wurdt ûnder oare sjoen nei de finansjele helberheid en de feiligens.

23 oktober 2012

Der is nóch in plan foar de bou fan in nij Cambuurstadion. De Ljouwerter ûndernimmer Henk van den Borg hat konkrete plannen foar de bou. Hy wol op it eardere Philipsterrein by it WTC Expo in multyfunksjoneel stadion bouwe foar 35.000 taskôgers. It giet om in ynvestearring fan 60 oant 70 miljoen euro.

6 maaie 2013

De gemeente Ljouwert kin net folle dwaan om Cambuur te helpen by de bou fan in nij stadion op it terrein fan it WTC, seit sportwethâlder Andries Ekhart. Neffens Ekhart moat der yn it foarste plak in goeie ynvestearder komme dy't jild yn it projekt stopje wol. Finansjele stipe fan de gemeente foar topsport is neffens Europeeske regels ferbean.

14 novimber 2014

Der binne noch twa lokaasjes oer foar in nij Cambuurstadion: it plak dêr't it stadion no sit en in terrein by it WTC. Dat docht bliken út in ûndersyk fan fiif lokaasjes, dat útfierd is yn opdracht fan Cambuur, boubedriuw Dijkstra Draisma en de gemeente Ljouwert.

19 maaie 2015

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur is bliid mei de ferhuzing fan it stadion nei it WTC Expo yn Ljouwert. Hy tinkt dat in nij stadion op dat plak in opstekker foar de klup is. It is neffens De Jong benammen wichtich dat it stadion better berikber wurdt en dat it mear de alluere krijt fan in ploech dy't yn de earedifyzje spilet. De totale ynvestearring leit om de 45 miljoen euro hinne.

29 novimber 2016

As Sportklup Cambuur in nij stadion krijt, dan giet dat definityf nei de lokaasje by it WTC. Ut ûndersyk die bliken dat nijbou op it Cambuurplein net helber is. De eventuele bou fan it nije stadion is pland foar de twadde helte fan 2018 of begjin 2019.

20 juny 2017

De gemeente Ljouwert presintearret de plannen foar de bou fan in nij Cambuurstadion en de fierdere ûntwikkeling fan it WTC-gebiet. De gemeente docht dat yn oparbeidzjen mei it bestjoer fan Cambuur, ûntwikkeler Wyckerveste en oannimmer Dijkstra Draisma.

17 july 2017

De gemeente Ljouwert stekt definityf 4,5 miljoen euro yn de bou fan in nij Cambuurstadion by it WTC-terrein yn de stêd. Dêrmei is de komst fan it nije stadion wis.

4 april 2018

De bou fan it nije Cambuurstadion wurdt útsteld. Ien fan de ynvestearders fan it nije WTC-gebiet, Jan Anker, driget de stekker út de gearwurking te lûken. Dat hat te krijen mei de komst fan boumerk Bauhaus op koarte ôfstân fan it WTC-terrein. Om it WTC-terrein oantreklik te meitsjen, soe in boumerk komme moatte op dat terrein. Dat no flakby in Bauhaus-fêstiging komt, hat gefolgen foar de ynvestearring fan Anker.

18 april 2018

Twa wiken letter driget ek Friese Poort út de plannen te stappen. It duorret de skoalle te lang foardat der dúdlikheid is. Se wolle foar 1 july witte oft se yn 2020 oer kinne nei in nije lokaasje, want se ha grut ferlet fan nije romte. As dy dúdlikheid der net gau komt, siket ROC Friese Poort in oare lokaasje.

28 juny 2018

In pear dagen foar de deadline is der in konsept-akkoart: de partijen ha praat oer in alternatyf plan. Dúdlik wie dat de gemeente de komst fan de Bauhaus-boumerk net keare kin. Dêrom wurdt grûn útruile: WTC-Beheer leveret in stik grûn oan de efterside fan it WTC oan ûntwikkelder Wyckerveste en boubedriuw Dijkstra-Draisma. Op dat plak komt romte foar rekreaasje en oare frijetiid-aktiviteiten.
"Dit is it nijs dat wy graach hearre woene", seit Jaap van Bruggen fan Friese Poort. "De ekstra romte is hiel wichtich foar ús."

9 july 2018

It konsept-akkoart fan 28 juny is noch hieltyd net definityf en dêrom lûkt Friese Poort wer oan de belle. De gemeente moast noch oer de brêge komme mei in tasizzing foar in finansjele bydrage en de ûntwikkeling fan de ynfrastruktuer ynklusyf parkearjen. Totale kosten: sa'n 11 miljoen euro. De gemeente hopet dat de provinsje dêr sawat de helte oan bydrage wol.
As der op 20 july gjin konkreet akkoart oer it WTC-gebiet leit, lûkt it opliedingsynstitút him definityf werom. Allinnich in polityk wûnder liket it stadion en de plannen foar it hiele WTC-gebiet noch rêde te kinnen.

18 july 2018

Yn de wike foar de deadline is der in akkoart. De provinsje leit fiif miljoen euro op it kleed en in dei letter giet ek de gemeenteried akkoart mei de fierdere ûntwikkeling fan de plannen.

20 july 2018

De gemeente Ljouwert en Friese Poort sitte om tafel om te praten oer de finansiering fan de tydlike húsfêsting fan Friese Poort. Dy tydlike húsfêsting is nedich, omdat it nije gebou op it WTC-gebiet net op tiid klear is. Se prate ôf dat twa opliedingen, dy't no noch oan de lokaasje oan de Wilaarderbuorren jûn wurde, fan 1 augustus 2019 ôf in nije, tydlike, lokaasje ha yn de binnenstêd fan Ljouwert.

25 july 2018

ROC Friese Poort jout grien ljocht: se dogge mei oan de realisaasje. It opliedingssintrum hat der fertrouwen yn dat se op 1 july 2021 starte kinne mei de opliedingen yn it nije stadion. Dêroer ha se ôfspraken makke mei de Stadion Ontwikkeling Cambuur en de gemeente Ljouwert.

19 oktober 2018

In grutte ferrassing foar alle partijen: Friese Poort stapt dochs út de plannen. It fertrouwen fan de skoalle yn de gemeente is skeind. Oanlieding is it oerlis fan 20 july. Neffens ROC Friese Poort hat de gemeente doe tasein de hierkosten fan de tydlike húsfêsting te beteljen. De gemeente ûntkent dat. Dy sizze dat it meitinke en meiwurkje sil om dat probleem op te lossen, mar net mei ekstra budzjet komt.