FIDEO: De sniewedstriid tusken Hearrenfean en Ajax yn 2005

19 okt 2018 - 23:54

Sportklup Hearrenfean spilet sneon de kreaker tsjin Ajax. Reden genôch om werom te sjen op in histoaryske edysje fan dy wedstriid. Op 30 desimber 2005 lei it fjild yn it Abe Lenstrastadion fol mei snie. Frijwilligers ha der alles oan dien om de wedstriid trochgean te litten.

En dat wie net foar neat: Hearrenfean wint mei 4-2. It is de lêste wedstriid fan Klaas-Jan Huntelaar yn it pompeblêdeshirt. De spits makket dêrnei de oerstap nei, presys, de tsjinstanner fan dy dei: Ajax.

Yn Fryslân Hjoed seagen de trainer fan doe, Gertjan Verbeek, de doetiidske foarsitter Riemer van der Velde én frijwilliger Siemen Pander werom op de histoaryske moeting.

(advertinsje)